Hôf Ljouwert-Arnhem krijt help fan Amsterdam

18 des 2017 - 12:26

Amsterdamske riedshearen sille fan healwei kommend jier ôf it hôf Ljouwert-Arnhem helpe om achterstannen yn de behanneling fan saken fuort te wurkjen. De Amsterdamske rjochters hâlde sitting yn Utert. By it hôf lizze 5.000 saken op behanneling te wachtsjen.

It slagget dan ek net om beropssaken binnen njoggen moannen te behanneljen, wat wol it stribjen is. It hôf Ljouwert-Arnhem behannelet saken út in grut part fan it lân. By it hôf binne boppedat fjirtjin fakatueres foar riedshearen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)