BOCK-kampanje jout tips om feilich mei karbid te sjitten

De gefaarlike tiid fan fjoerwurk en karbidsjitte komt der wer oan. Yn de noardlike provinsjes is it karbidsjitten hiel populêr, mar ek in risikofolle ûndernimming as je je net oan de goede dingen hâlde. Dêrom is de kampanje 'Wie is de Bock' betocht foar feilich karbidsjitte mei de jierwiksel. BOCK stiet foar Bewust Oplettende Carbid Knaller. Yn 2016 en 2017 wiene der minder slachtoffers troch it karbidsjitten. Fjoerwurkslachtoffers komme der wol hieltyd mear.
De kampanje jout fiif tips troch sjitters te freegjen in fuotbal te brûken yn plak fan it lid fan in molkbus. Foardielen dêrfan binne dat de ympekt fan in fuortsketten bal op it lichem folle minder grut is as dy fan in lid fan in molkbus en in bal past altyd en slút de molkbus goed ôf, sadat it gas net ûntsnappe kin.
Yn de gemeenten yn Noard-Nederlân wurde flyers en 1.500 BOCK-ballen ferspraat. Dit jier is it tema 'Een echte Bock heeft ballen'. De ôftraap wie moandeitemoarn yn it stadion fan FC Grins. Net mei karbid, mar mei it sjitten fan ballen oer de gersmatte.
De fiif tips om feilich mei karbid te sjitten binne:
1. Ried dy goed ta, ynformearje op 'e tiid by de gemeente nei de betingsten en fergunningen
2. Beskermje dysels, brûk beskerming foar de earen en doch in feilichheidsbril op
3. Brûk goed materiaal, inkeld in molkbus yn goede steat mei in stevige boaiem, sjit mei in plastic bal yn plak fan in lid fan molkbus
4. Untstek it karbid feilich, mei in fakkel op in stok en stean sels oan de sydkant fan de molkbus. Publyk moat op feilige ôfstân stean
5. Soargje foar EHBO, blusmiddelen (wetter om te kuoljen, blustekken)