Groepke fan kamerabylden fermiste Remon Bruinsma meldt him

18 des 2017 - 12:18
Foto: Youtube

It groepke minsken dat socht waard yn ferbân mei de fermissing fan Remon Bruinsma fan De Westereen hat him melden. De plysje sil no sa gau as mooglik in ôfspraak mei de groep meitsje. Yn it wykein waarden nije bylden fan in bewakingskamera online set. Dy binne makke fanôf de stille kant fan de Nijstêd. Dêr is in groep minsken op te sjen dy't foar de C&A delrint. It soe mooglik wêze dat Remon dêrby is, of dat de groep him sjoen hat. Remon Bruinsma ferdwûn twa-en-in-heale wike lyn nei in jûntsje stappen yn Ljouwert. Sûnt dy tiid wurdt nei him socht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)