Bestjoerder scootmobyl by Froubuorren te wetter

18 des 2017 - 11:30
Foto: Stefan Postema

De brânwacht hat moandeitemoarn by Froubuorren de bestjoerder fan in scootmobyl út it wetter rêden. De man wie troch noch ûnbekende oarsaak yn de sleat lâns de Attesweg telâne kaam. It slachtoffer is earst ûndersocht troch meiwurkers fan de ambulânse en is dêrnei meinaam nei it sikehûs.

Trefwurden: 
scootmobyl Froubuorren
(Advertinsje)
(Advertinsje)