Fok en Skâns op It Hearrenfean feiliger en griener makke

Fytspaad
De folslein fernijde strjitten Fok en Skâns op It Hearrenfean ha ekstra parkearplakken, mear iepenbier grien en feilige fytspaden krigen. De strjitten wurde moandeitemiddei offisjeel iepene. Bewenners ha fan it begjin ôf meipraat oer de nije ynrjochting fan de diken. Benammen de feilichheid fan de fytsers wie in wichtich punt. De dyk is boppedat sa ynrjochte dat it in wenstrjitte liket. Dat is mei dien om't der faak te hurd riden waard.
De acht ton kostjende werynrjochting is mei mooglik makke troch in subsydzje fan de provinsje fan hast 80.000 euro.