Fytsesmiter moat fan plysje fytsen sels út grêft fiskje

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein in 21-jierrige man út Amersfoort twa fytsen út de grêft helje litten, dy't de man krekt dêrfoar yn it wetter smiten hie. Plysjes troffen de man nachts om twa oere hinne oan. Hy wie neffens de plysje ûnder ynfloed fan alkohol. Nei't er de fytsen wer boppe wetter helle hie, krige de de man in proses-ferbaal foar baldiedigens.