Aksjes foar dupearre bewenners fan Het Lichtpunt

18 des 2017 - 08:08

By de brân yn Het Lichtpunt yn Kollumersweach binne sneon acht apparteminten ferlern gien by in grutte brân. "De muorren steane noch, de rest is total loss," fertelt Feike Kooistra, koördinator fan de opfang. "De kommende dagen sil de fersekering sjen hoe en wat en hooplik kin spoare-ûndersyk dúdlikheid jaan oer de oarsaak fan de brân." Mei de acht bewenners giet it nei omstannichheden goed. "De skrik siet der fansels goed yn. Se binne opfongen by oare plakken yn de regio en ek partikulieren ha plak oanbean. Oant de krystdagen hat elk plak en dêrnei sjogge we fierder foar strukturele opfang, mar dat komt grif goed."

Kwetsbere groep

It giet om in kwetsbere groep minsken dy't yn de opfang sitte. "Se sitte hjir net foar neat. It bytsje besit dat se hienen, binne se no ek kwyt. As we tagong krije ta de apparteminten kinne we sjen oft der noch wat te rêden is, mar it measte is ferlern gien. Gelokkich sitte we flakby in kringloop, dat se koenen saterdei al klean krije en ek partikulieren ha fan alles oanbean ek winkels sizze guod ta." Ien fan de bewenners wie de konsjerzje fan skoalle. "De skoalle hat ek fuort in aksje opset, geweldich sa'n inisjatyf. Dat krijt fia sosjale media in sniebaleffekt."

Aksje op skoalle

Konsjerzje Dirk fan de skoalle De Stapstien is ien fan de dupearren fan de brân. Hy is alles kwytrekke. "Foto's, boeken, mobiel, televisie, laptop." Dochs is er al wol oer de skok hinne en wennet er no tydlik yn Feankleaster. Hy hat klean en skuon krigen fan skoalle en tsjerke. "Ik voel me goed gesteund door iedereen. Ik ben er ondersteboven van, zo geweldig dat ze dat allemaal voor ons doen." Skoalle is in aksje begûn om jild yn te sammeljen foar Dirk en de oare bewenners. Juf Hinke fertelt: "Op tafels sette we doazen foar sinten foar Dirk, hy is ús goud wurdich. Tongersdei organisearje we in fancy fair op skoalle, in gesellige middei fol aktiviteiten. Elk is wolkom."

(advertinsje)
(advertinsje)