Brûkers Waadsee moatte duorsumer wurkje

18 des 2017 - 07:04

It Programma naar een Rijke Waddenzee (PRW) stribbet nei in duorsumer gebrûk fan de Waadsee. Dêrfoar komme oerheden, natuerorganisaasjes en (ekonomyske) brûkers fan it Waadgebiet by elkoar. Mei elkoar wolle se it wrâlderfgoed as natuergebiet sterker en fearkrêftiger meitsje foar minske en natuer.

Ien fan de inisjativen fan de projektgroep is om te sjen nei de feartsjinsten dy't fan libbensbelang binne foar de Waadeilannen. Ferskate partijen ha sjoen nei de kânsen dy't der lizze foar in duorsume berikberheid fan it Waadgebiet yn de takomst. Dêrby binne tal fan kânsen sjoen lykas minder útstjit fan fearboaten, it skieden fan fracht- en persoaneferkear en ien loket foar it ferfier ynklusyf op de eilannen sels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)