Kollum: "Kontaktadvertinsje"

"Moarn ha wy by de NHL in krystborrel, foar it earst tegearre mei ús nije Stenden-kollega's. Om inoar wat better kennen te learen, dogge wy in kwis. En foar dy kwis moast elkenien trije feitsjes oer himsels ynstjoere. 'Wist u datjes' dêr'tst dy in lyts bytsje foar skammest. Fansels ha ik der ek trije oanlevere, mar juster betocht ik my in fjirden ien.
Stikem, hiel stikem lês ik altyd de kontaktadvertinsjes yn de krante. Fan dy koarte opropkes wêryn't minsken sykje nei in partner. En ja, ek dy fan 'Hi ik ben Roxy en ik wil dat je me neemt. Bel me nu, ik ben zo heet.' Dy ek. Mar foaral de opropkes fan echte minsken, mei yn plak fan in hijgerich 0906-nûmer in âlderwetsk brievebusnûmer ûnderoan.
No tinke jim fêst: wat fynsto no oan kontaktadvertinsjes? No dat sit sa. Ik fyn it alderearst nijsgjirrich om alle taalfoutsjes út de teksten te sykjen. Foaral yn dy seksadvertinsjes sitte altyd fantastyske skriuwflaters. En ik bin gek op it ûntsiferjen fan al dy ôfkoartingen. Yn advertinsjelân jildt net 'tijd is geld' mar 'letters is geld'. Dus wurdt alles sa folle mooglik ôfkoarte. Sa stiet GUZ foar 'goed uitziende'. ZKM is 'zoekt kennismaking met'. En ONS stiet foar 'one night stand'. Mar soms sitte der ek hiel kryptyske ôfkoartings yn, dêr'tst in skoftke op stinne moast. Prachtich. Dus dat is puer fakynhâldlik wêrom't ik hjir ferslaafd oan bin.
Mar wat ik noch folle ynteressanter fyn, is hoe't minsken harsels omskriuwe. Yn in pear wurden moatst dysels profilearje, wat werklik wier noch bêst dreech is. Ik soe net fierder komme as 'Vrouw, 31 jaar, blond, lijkt sportief en kan niet koken.' Dêrmei lit ik dus tusken de regels troch al witte datst by my net oankomme moatst mei in skyfakânsje of in kuiertocht troch de Alpen, en dat ik it leafst op de bank telefyzje sjoch mei in pûde McDonalds iten op skoat. Klopt presys, mar oft dêr no in protte reaksjes op komme.
Want dat is fansels de trúk. Moatst dysels sa posityf mooglik omskriuwe yn sa min mooglik wurden. Der binne guon dy't dit op meesterlike wize dogge. Dizze bygelyks: 'Pensionado arts, zie er jong uit, 74 jr., geen bla bla type.' Yn noch gjin tsien wurden wit dizze man himsels perfekt del te setten. 'Pensionado arts' betsjut fansels eins gewoan: ik ha in protte jild. 'Zie er jong uit' is in subtile hint dat er alle dagen noch yn de sportskoalle te finen is. '74 jaar' betsjut dat er noch hip genôch is foar in aktive ANWB-fakânsje. En 'geen bla bla type' wol eins neat mear of minder sizze as: what you see is what you get. Earlik en fertroud. In dreamman dus.
Der binne ek mannen dy't wat mear to the point binne. Dizze bygelyks: 'Hallo dames! Ik ben Jan, 86 jaar en zoek een lieve spontane vrouw. Kom bij me wonen, ik zal jou veel liefde geven.' Ok. Bytsje creepy, toch wol. '86 jier', dat betsjut dat der op syn minst ien kear deis in dame fan de thússoarch lânskomt. 'Kom bij me wonen' is dus eins in oprop foar in ferkapte mantelsoarger. En 'Ik zal jou veel liefde geven' is in lytse oanwizing dat er net fies is fan in Viagra-piltsje. Dus froulju, sukses.
Mar de meast bysûndere fan allegear wie toch wol dizze: 'Vrouw, 70 jaar. "Patricia Paay"-type, onafhankelijk, mooi wonend, zoekt vriend of vriendin.' By dizze draaiden myn harsens ynienen op folle kracht. De assosjaasjes dûkelen oer inoar hinne. Want wa omskriuwt harsels no as in "Patricia Paay"-type, sjoen it nijs fan de ôfrûne tiid oer dizze BN'er? Wat soe se hjir yn godsnamme mei bedoele? Dat se der útsjocht as Patricia Paay, dus 'zonnebankbrún' en folspoten mei botoks. Of dat se krekt as Patricia in pear spesifike eroatyske hobby's hat en graach folspoten wurdt mei.. no ja, jim witte it wol.
Wat har bedoeling ek is, ik kin der minuten wille fan ha. Dus hast no aanst yn de krystfakânsje de krystpuzzel fan Dr. Denker klear en ferfeelst dy, dan is sa'n kontaktpagina echt in oanrieder. Ek ast al in partner hast. Want ek dan binne der leuke opropkes. 'Echtpaar zoekt ander leuk stel voor gezelligheid of meer.' Wedzje dat dy der ek tusken sit?"