Olympyske Spelen bûten berik fan Nederlânske bobsliders

ANP
''De Spelen zijn voor ons nu buiten bereik.'' Dat sei bobslider Ivo de Bruin nei ôfrin fan de wedstriid fan de fjouwermansbob op snein yn Eastenryk. De Nederlânske bobsliders einigen snein as 21ste. Yn it wrâldbekerklassemint stiet it team op it achttjinde plak, en dat betsjut dat kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen yn Pyeongchang no wol hiel dreech wurdt.
Healwei jannewaris moatte de Nederlanners by de bêste tolve stean om noch in olympysk plak helje te kinnen. Foar Nederlân kamen Jeroen Piek fan It Hearrenfean, Ivo de Bruin, Bror van der Zijde en Janko Franjic yn aksje yn de fjouwermansbob. It seizoen giet begjin jannewaris fierder yn it Dútske Altenberg.