Dickensfestijn op De Lemmer lûkt 29.000 besikers

17 des 2017 - 21:44

De twadde edysje fan it Dickensfestijn op De Lemmer hat sneon en snein mei-inoar 29.000 besikers lutsen. Dat is sa'n tûzen minder as ferline jier, mar de organisaasje is dochs tefreden. It drokst wie de snein, doe kamen der 17.000 belangstellenden. Benammen om 17.00 oere wie it sa drok, dat de organisaasje hast beslute moast de poarten te sluten, mar úteinlik wie dat net nedich.

Dickensstyl

De Lemmer wie twa dagen lang hielendal yn Dickensstyl, mei strjitteäter, muzyk en in winterfair om de binnenhaven hinne. Ferline jier waard de organisaasje oerfallen troch de grutte belangstelling. Doe wienen de strjitten ferstoppe, mar no wie alles folle rommer opset.

Omrop Fryslân die twa dagen lang ferslach fan it evenemint en hie in studio op de Nieuwburen, by it âlde gemeentehûs. Ek koe der stimd wurde yn de Fryske Top 100 stimbus, dy't dêr parkearre stie. De organisaasje is al mei de gemeente yn petear oer in folgjende edysje fan it Dickensfestijn, yn 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)