Ljouwerter mistfontein as earbetoan oan Fryslân

In hommaazje oan Fryslân. Dat is de mistfontein dy't ein ferline wike yn Ljouwert tsjinoer it stasjon pleatst is. It is de kreaasje fan de Spaanske keunstner Jaume Plensa en dy joech snein in lêzing oer dizze 'Love' fontein mei twa bernehollen tsjin oer elkoar. De fontein wurdt moandei ek efkes oansetten, wêrtroch't it ek echt in mistfontein wurde moat.
It projekt makket diel út fan it Eleven Fountains-projekt fan Kulturele Haadstêd. Elke kear as Plensa yn Fryslân wie, rekke hy fassinearre troch de leechhingjende bewolking en de mist. Sa foarmet de mist yn de fontein ek de ferbining mei Fryslân. Plensa besjocht syn wurk ek as in fiering fan it libben en as in plak op de kuierrûte fan en nei it sintrum ta, dêr't je efkes by stil stean kinne om elkoar te moetsjen.