UPDATE: Brân yn filla Wolvegea ûnder kontrôle

17 des 2017 - 18:20

Yn Wolvegea is sneintejûn de boppeferdjipping fan in filla oan de Bremstrjitte folslein útbrând. It fjoer ûntstie by it dak fan de wenning en dat soarge al gau foar in flinke brân. De brânwacht koe it dak en de ferdjipping fan de wenning net mear rêde en moast ek oppasse dat it fjoer net oersloech nei de njonkenlizzende wenning. Dy waard dêrom previntyf wiet hâlden.

De bewenners fan de filla koenen op 'e tiid har hûs ferlitte. Foar har waard stichting Salvage ynskeakele. Ynwenners fan Wolvegea en omjouwing krigen op har telefoan sneintejûn in NL-alert mei it advys ruten en doarren ticht te hâlden.

Trefwurden: 
brân Wolvegea brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)