Twadde beverboarch oantroffen yn Fryslân

Fryslân is in nije beverboarch riker, de twadde hjir yn de provinsje. Dat seit Harry Bosma fan de sûchdiereferiening. Hy hat kamera's pleatst by de boarch dêr't de bever drok mei dwaande is. De earste boarch ea is makke by de A6 oan de Tsjûkemar. Dizze twadde leit net fier fan de Iselmarkust, yn it súdwesten fan de provinsje. Foar sa'n beverwente binne benammen in hiel soad tûken nedich.
Wat opfalt, is dat it tal bevers hjir yn de provinsje folle minder hurd groeit as eartiids mei de otters. Ek bedarje se ek minder faak ûnder de auto. Neffens Bosma komt dat trochdat bevers noch mear as otters yn it wetter bliuwe. Foaral it bist oan de Tsjûkemar swalket troch grutte parten fan it marregebiet. De bever oan de Iselmar is wat honkfêster.