Knappe winst foar LDODK tsjin konkurrint Blau-Wyt

17 des 2017 - 17:44

De kuorballers fan LDODK hawwe sneintemiddei thús in knappe oerwinning pakt tsjin konkurrint Blau-Wyt út Amsterdam. Op De Gordyk waard it 29-23 yn it foardiel fan LDODK. Nei de earste helte stie de thúsploech mei 13-10 foar. Benammen Marjolijn Kroon makke yndruk troch seis kear de koer te finen.

Yn de twadde helte bleau LDODK sterk en kaam de oerwinning net mear yn gefaar. Sneon komme de kuorballers wer yn aksje, yn in útwedstriid tsjin KCC/SO.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal De Gordyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)