Rypster wint Nederlânsk kampioenskip houtsteapeljen

17 des 2017 - 17:25

Simon Bij De Leij fan Dronryp is snein Nederlânsk kampioen hurdhoutsteapeljen wurden. Dat kampioenskip waard dit wykein hâlden yn Arnhem. Ferskate dielnimmers moasten twa dagen lang besykje in stielkonstruksje fol te steapeljen mei hout. Der wie in soad belangstelling foar it kampioenskip.

Simon Bij De Leij fan Dronryp hie syn konstruksje as fluchste fol mei hurdhout, yn 5 minuten en 45 sekonden.

(advertinsje)
(advertinsje)