Froulju SC Hearrenfean pakke punt tsjin Achilles '29

17 des 2017 - 16:46
De Hearrenfean-froulju (argyffoto) - Foto: Martin de Jong

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe sneintemiddei in punt pakt tsjin Achilles '29. Op sportpark de Heikant yn Groesboek waard it 3-3. Achilles kaam yn it begjin fan de earste helte op foarsprong, troch in eigen doelpunt fan Wiëlle Douma. Fenna Kalma sette al gau hjirnei de lykmakker op it boerd en makke ek noch in twadde goal. Nei it skoft kaam de thúsploech op likense hichte. Troch in tredde goal fan Achilles like de oerwinning yn Groesbeek te bliuwen, mar yn de slotfaze stelde Tiny Hoekstra dochs it punt feilich foar de Feansters.

Oankommende freed spylje de froulju fan SC Hearrenfean in thúswedstriid tsjin FC Twente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)