Basketballers Aris ferlieze fan Zwolle

17 des 2017 - 15:53
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris binne der sneintemiddei net yn slagge de útwedstriid tsjin Zwolle te winnen. It waard úteinlik 87-66 yn it foardiel fan Zwolle. It krêftsferskil waard al yn it earste kwart dúdlik, doe't de thúsploech ienfâldich mei 25-9 foar kaam te stean. De Ljouwerters kamen yn it twadde kwart noch werom, mar koenen dat yn de lêste faze fan de wedstriid net trochsette.

Woansdei komme de basketballers wer yn aksje, dan moatte se it yn de beker opnimme tsjin Grins.

Trefwurden: 
Aris basketbal Zwolle
(Advertinsje)
(Advertinsje)