Ferfolch seegersûndersyk ôfhinklik fan finânsjes

It seegersûndersyk yn de Waadsee hâldt as der gjin nij jild by komt. Mar in oanfraach dêrfoar wurdt no taret, seit Quirin Smeele fan Natuurmonumenten. De ôfrûne jierren is der mei twa projekten besocht it seegers werom te krijen yn de Waadsee. De plant is in saneamde biobouwer; lytse fisken kinne der goed grut yn wurde en grutte seegersfjilden hawwe ek ynfloed op it behâld fan in eilân lykas Gryn. Nei de bou fan de Ofslútdyk is sa goed as al it seegers ferdwûn út it Waad.
De ûndersyksresultaten oant no ta wurde al oer de hiele wrâld brûkt. De ûndersikers witte lykwols noch net genôch om it seegers hjir echt werom te krijen. Dêrfoar moatte sy foaral noch útfine hoe grutskalich it oanpakt wurde moat. As der gjin ferfolch komt op it ûndersyk, wurdt der fierder neat dien mei de hjoeddeistige proeffjilden en gean de ûndersikers op oare plakken oan 'e slach.