Nije kamerabylden online set yn ferbân mei fermiste Remon

17 des 2017 - 13:40
Foto: Youtube

Der binne nije bylden online set yn ferbân mei de fermissing fan de 19-jierrige Remon Bruinsma. De bewakingsbylden binne filme fanôf de stille kant fan de Nijstêd. Te sjen is hoe't in groep minsken oan de oare kant fan de Nijstêd foar de C&A delrint. Remon Bruinsma soe ien fan harren wêze kinne, en oars hat de groep de fermiste Bruinsma miskien sjoen. De groep rint mei frij flotte stap en slacht dan de Alde Doelestege yn. De famylje ropt minsken yn dy groep op om kontakt mei harren op te nimmen.

Remon Bruinsma ferdwûn no al mear as twa wiken ferlyn nei in jûntsje stappen yn de binnenstêd fan Ljouwert. Der kaam in grutte sykaksje op tou dy't oant no ta trochgiet.

UPDATE moandei 12.25 oere: It groepke hat him melden.

Trefwurden: 
Remon Bruinsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)