Struiwein glidet fan de dyk by Muntsjesyl

17 des 2017 - 13:05
Foto: De Vries Media

By Muntsjesyl is sneintemoarn in struiwein omkypt en op de sydkant op de njonkenlizzende âlde seedyk telâne kaam. Troch de glêdens koe de sjauffeur de wein net mear op de wei hâlde.

De bestjoerder rekke net ferwûne by it ûngelok. De Nitterswei waard ôfsluten om de berger de romte te jaan de struiwein oerein te setten en fuort te heljen.

Trefwurden: 
glêdens Muntsjesyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)