Noch altyd warskôging foar glêde diken

17 des 2017 - 12:00
Foto: De Vries Media

De plysje warskôget noch hieltyd foar glêde diken. It KNMI hat wol de warskôgingsgraad ôfskaald nei koade giel. It is lykwols net mear sa dat der diken ôfsletten binne foar it ferkear. De N381 tusken Drachten en Easterwâlde wie fan healwei achten ôf ticht nei inkele ûngelokken. By Oerterp wie in auto oer de kop slein, de bestjoerder rekke ferwûne. By Donkerbroek botsten twa auto's op elkoar, Ek dêr is ien by ferwûne rekke. Ek de A32 hat in skoft stremd west nei in ûngelok. In auto wie op in sâltstrui-auto botst. Dizze dyk is in oere lyn wer frijjûn.

De plysje hat op ferskate plakken yn Noard-Nederlân meldings krige fan ûngelokken troch glêde diken, foaral yn it easten fan Fryslân.

Trefwurden: 
glêdens
(advertinsje)
(advertinsje)