Slachtemaraton noch lang net útferkocht

17 des 2017 - 11:51

Foar de Slachtemaraton 2018 binne noch sa'n 5000 kaarten beskikber. Dat seit wurdfierder Anne Jochum de Vries. Sneon is de algemiene kaartferkeap úteinset. Der binne no 2000 kaartsjes ferkocht.

Takom jier wurdt it in bysûndere edysje oer twa dagen. Mar dielnimmers kinne ek ien dei meirinne. Op dei 1 is de rûte fan Raerd nei Wommels. Underweis wurde alle doarpen wiidweidich oandien. Op dei 2 is de rûte fan Kûbaard nei Easterbierrum, de ein fan de Slachtedyk. Ek dan giet de tocht troch alle oanlizzende doarpen.

De mooglikheid om de Slachte beide dagen te rinnen, dus 92 kilometer, bestiet ek. Dêrfoar binne 3500 kaartsjes ferkocht. It doel is dat foar beide dagen ôfsûnderlik 7000 kaartsjes ferkocht wurde. De organisaasje ferwachtet de kommende dagen in protte animo foar de kaartsjes foar íen dei. Op 14 jannewaris moat dúdlik wêze oft der genôch kaarten ferkocht binne om de Slachtemaraton 2018 trochgean te litten.

Trefwurden: 
Slachtemaraton
(advertinsje)
(advertinsje)