Bart de Vries wint achtste KPN Marathon Cup

17 des 2017 - 11:13

Bart de Vries fan It Hearrenfean hat syn tredde oerwinning fan it seizoen behelle. De reedrider wûn sneontejûn yn Den Haag de finale fan de achtste KPN Marathon Cup. De Vries wie Marcel van Ham en Johan Knol te rap ôf dy't mei him fuortsprint wiene. Mei-inoar 44 riders ferskynden oan de start yn Den Haag. Dat it net mear binne, komt troch tariedings foar it Olympysk kwalifikaasjetoernoai.

By de froulju wie der yn Den Haag in twadde plak foar reedrydster Manon Kamminga fan It Hearrenfean. Sy moast allinne Francesca Lollobrigida foar har duldzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)