Oanhâlding nei fjochterij yn Ljouwerter útgeanssintrum

17 des 2017 - 10:46
De Alde Doelestege yn it útgeansgebiet fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat sneontejûn yn de Alde Doelestege in jonge fan 18 jier oanhâlden. Yn in kroech hie fjochterij west. Ien persoan wie dêrby ferwûne rekke. Mooglik hat er in brutsen noas. It slachtoffer woe gjin oanjefte dwaan. De plysje hat dochs in fertochte oanhâlden dy't by de fjochtpartij belutsen wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)