Automobiliste ferstoarn nei't se kanaal yn riden is

In 59-jierrige frou út Bûtenpost is sneintemoarn betiid om it libben kaam by Gaarkeuken yn Grinslân doe't se mei har auto it kanaal yn ried. De frou rekke op de Hoendjip Noardside fan de dyk en kaam yn it Van Starkenborghkanaal telâne. Se hat sels noch mei de meldkeamer belle, mar it telefoanysk kontakt waard ferbrutsen foardat dúdlik wie wêr't it ûngelok wie. De melding kaam om sawat 5 oere binnen.
De helptsjinsten fan Fryslân en Grinslân binne nei de melding mei-inoar begûn te sykjen. Nei in skoftsje fûnen se autospoaren yn in berm. De auto bliek in pear meter út de wâlskant op de boaiem fan it kanaal te lizzen. Nettsjinsteande reanimaasje koe de frou net mear rêden wurde. Neffens de plysje wie it glêd op de provinsjale dyk by Gaarkeuken.