Ungelokken op sjippeglêde Fryske diken

17 des 2017 - 08:11

Op de Fryske diken hawwe harren troch de glêdens sneintemoarn ferskate ûngelokken foardien. De N381 tusken Drachten en Easterswâlde is noch altyd ôfsluten. De A32 rjochting Zwolle is ûnderwilens wer frijjûn. De plysje krige op ferskate plakken yn Noard-Nederlân meldings fan ûngelokken troch glêde diken. Benammen op provinsjale en lokale wegen kin it tige glêd wêze. It KNMI hat koade oranje ôfjûn.

By Donkerbroek botsten op de N381 meardere auto's opinoar. Dêrby kaam ien ynsittende klem te sitten. Dy persoan rekke ferwûne. Op deselde dyk sloech by Oerterp in auto oer de kop, skeat oer de sleat en kaam heal yn 'e greide telâne. De bestjoerder fan dy auto rekke ferwûne.

De A32 rjochting Zwolle hat in skoftsje blokkearre west nei't ter hichte fan Aldeholtwâlde in auto op in sâltstruier botst en oer de kop slein wie. Dêr rekken gjin minsken ferwûne. Ek op de A32, by Wolvegea, is in auto de sleat yn riden. Ek dêr rekke foelen gjin ferwûnen.

Op de Sintrale As by De Falom glide in auto fan de dyk. De bestjoerder klapte op de lûdswâl dêr, wêrnei't de auto oer de kop sloech. Wûnder boppe wûnder rekke de bestjoerder net ferwûne.

Yn it kanaal by Grypstsjerk is in auto mei ynsittende yn it kanaal fûn. De persoan blykte ferstoarn te wêzen. De helptsjinsten fan Fryslân en Grinslân hawwe mei-inoar nei de auto socht.

UPDATE (09:07 oere) : De plysje warskôget dat it op in soad plakken noch altyd glêd is.

Trefwurden: 
N381
(advertinsje)
(advertinsje)