Popprizen foar Homesick, Zea, Iepen UP en Marcel Smit

16 des 2017 - 23:00

The Homesick út Dokkum hat sneon de Fryske poppriis yn ûntfangst naam. De Bernlefpriis foar de bêste Frysktalige artyst gie nei Arnold de Boer mei syn ienmansgroep Zea. De publykspriis wie foar it programma Iepen UP en de Klipkar Award gie nei Marcel Smit en de talintpriis foar Katie Koss. De muzykprizen fan it jier waarden útrikt op it Freeze Festival yn Ljouwert.

De man achter Zea, Arnold de Boer fan Makkum, wie sels net by de útrikking oanwêzich. Oare kânshawwers op de Bernlefpriis wiene Meindert Talma en de bands Baldrs Draumar en WIEBE. De priis, dy't út in cheque fan 1.500 euro bestiet, wurdt oan de ein fan elk jier troch de Provinsje Fryslân útrikt. De provinsje wol mei de priis it Frysk yn de popkultuer stimulearje. De Boer fan Makkum is al mear as tweintich jier aktyf ûnder de namme Zea. Hy spilet sawol yn binnen- as bûtenlân en brocht yn april dit jier it Frysktalige album 'Moarn gean ik dea' út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)