Van Amersfoort fielt him nei earste doelpunt "heel fijn"

SC Hearrenfean pakte sneontejûn yn eigen hûs wer ris trije punten. De ploech fan trainer Jurgen Streppel wie te sterk foar NAC Breda en stapte dus as winner fan it fjild. De lêste kear dat dat barde wie alwer in skoftsje lyn, op 10 septimber tsjin PSV (2-0). Wat ek even lyn wie, wie dat Pelle van Amersfoort in goal makke.

"Heel fijn"

Nei ôfrin wie dan ek de fraach hoe't de matchwinner him fielde nei syn earste kompetysjegoal dit seizoen. "Heel fijn", fertelde Van Amersfoort. "Dat is een tijd geleden ja. Ik denk Sparta-thuis, dat ik toen mijn laatste goal scoorde. Ik moet wat meer scoren, hopelijk komt die periode er nu aan." Van Amersfoort wie fansels neist syn goal ek bliid mei de oerwinning. "Eindelijk weer eens drie punten. Hopelijk kunnen we volgende week in Alkmaar ook een goed resultaat neerzetten."

Soad kânsen

Hearrenfean wie tsjin NAC Breda de boppelizzende partij en krige in soad kânsen om te skoaren, mar wûn úteinlik 'mar' mei 1-0. Wêrom hiene se it sa dreech mei NAC Breda? "Omdat zij gewoon een goed voetballend elftal hebben", sei trainer Jurgen Streppel. "Dat is één reden. Een andere reden is dat je geen doelpunt maakt in de eerste helft. Volgens mij hebben we met standaardsituaties enorme mogelijkheden gehad om deze wedstrijd te beslissen."

"Tevreden over uitslag"

Oanfierder Stijn Schaars wie krekt as Van Amersfoort en Streppel bliid mei de trije punten. "Over de uitslag ben ik tevreden", sei Schaars. "Dat is voor ons het belangrijkste. We hebben leuk voetbal gespeeld en toen kregen we de punten niet. Voor ons telt de overwinning."