IIshockeyers fan UNIS Flyers opnij te sterk foar Leuven

16 des 2017 - 22:19
Stockfoto - Foto: Martin de Jong

UNIS Flyers hat de útwedstriid tsjin it Belgyske Leuven wûn. Krekt as begjin desimber wiene de iishockeyers út It Hearrenfean ek sneontejûn te sterk foar harren Belgyske kollega's. Yn Leuven waard it 8-3 foar de ploech fan trainer Mike Nason.

De earste perioade einige yn 1-1. Foar UNIS Flyers skoarde Adam Bezak. Yn de twadde perioade kamen de Feansters op in 3-1 foarsprong, troch goals fan Yan Turcotte en Ronald Wurm. Nei in goal fan Leuven soarge Marco Postma derfoar dat it ferskil wer twa doelpunten wie. Nei de 4-3 fan Leuven, makke Bezak syn twadde en dus de 5-3. Kevin Nijland makke dêrnei de 6-3.

Yn de tredde perioade sette Turcotte syn ploech op in 7-3 foarsprong. Trije minuten foar it ein fan de wedstriid makke Kenny Welles der sels noch 8-3 fan.

Trefwurden: 
UNIS Flyers Leuven iishockey
(Advertinsje)
(Advertinsje)