Pelle van Amersfoort sjit SC Hearrenfean lâns NAC Breda

16 des 2017 - 20:29

Foar de twadde kear dit seizoen wûn SC Hearrenfean yn it eigen Abe Lenstra Stadion in kompetysjewedstriid. Sneontejûn waard NAC Breda yn de ien-nei-lêste kompetysjewedstriid foar de winterstop ferslein. In goal fan Pelle van Amersfoort levere trije punten op (1-0).

SC Hearrenfean begûn goed en krige fuortendaliks grutte kânsen. Nei seis minuten fleach in hoekskop fan Michel Vlap hast yn ien kear yn de goal en in minút letter rekke Morten Thorsby mei in kopbal de peal. De stoarm fan de thúsklup gie net lizzen en it spul spile him benammen op de helte fan NAC Breda ôf. Healwei de earste helte skeat oanfierder Stijn Schaars in frije traap roerlings oer.

De besikers tochten nei in healoere op foarsprong te kommen, mar it doelpunt fan Rai Vloet waard ôfkard fanwege bûtenspul. Even letter wie Vloet opnij gefaarlik, mar skoare die hy net. Ek Denzel Dumfries liet dat nei, mar NAC Breda-keeper Mark Birighitti wie by de les. Dat wie krekt foar it skoft ek Fabian Sporkslede dy't in skot fan Vlap fan de line helle.

Goal Van Amersfoort

Tsien minuten nei de tee kaam Hearrenfean fertsjinne op foarsprong. NAC Breda-spiler Mounir el Allouchi ferspile de bal oan Van Amersfoort dy't each yn each mei Birighitti rêstich bleau en skoarde. Fiif minuten letter skeat Thomas Enevoldsen beide ploegen hast wer yn lykwicht, mar syn skot gie njonken.

Yuki Kobayashi wie tsien minuten foar tiid ticht by in geweldige goal, mar syn omhaal gie der net yn. Yn de slotfaze wie NAC Breda noch in pear kear ticht by de lykmakker, mar dat leed bleau Hearrenfean besparre.

Oare wike spilet Hearrenfean yn Alkmaar tsjin AZ de lêste wedstriid fan it jier.

SC Hearrenfean - NAC Breda 1-0 (0-0). 55. Pelle van Amersfoort 1-0.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Dumfries, Høegh, Pierie, Schmidt; Thorsby, Van Amersfoort, Schaars; Kobayashi (88. Næss), Veerman (90. Ghoochannejhad), Vlap (70. Rojas).

(Advertinsje)
(Advertinsje)