Follybalsters VC Snits ferlieze fiifsetter fan Set Up'65

16 des 2017 - 20:16

De follybalsters VC Snits hawwe sneontejûn minne saken dien. Op besite by Set Up'65 giene de Snitsers yn de ien-nei-lêste kompetysjewedstriid fan it jier ûnderút. Yn fiif sets wie de ploech út Ootmarsum te sterk foar Snits (3-2).

Snits, de nûmer twa fan de kompetysje, begûn dramatysk oan de wedstriid tsjin middenmoater Set Up'65. De earste twa sets giene mei 25-17 en 25-22 ferlern. Dêrnei moast Snits yn de achterfolging en dat die de ploech fan trainster Petra Groenland. De tredde en fjirde set waarden wûn, mei 25-16 en 27-25. Snits koe de comeback net bekroane, want de fyfde en beslissende set gie mei 15-11 nei de Ootmarsumers.

Oare wike sneon spilet Snits de lêste kompetysjewedstriid fan it jier. Tsjinstanner is dan VC Weert, dat nei Fryslân ôfreizget.

Trefwurden: 
VC Snits Set Up'65 follybal
(advertinsje)
(advertinsje)