Nasjonale titels foar sprinters Jur Veenje en Femke Kok

16 des 2017 - 18:56
Foto: Martin de Jong

Jur Veenje en Femke Kok binne sneontemiddei yn Thialf Nederlânsk kampioen op de sprint by de junioaren B wurden. Op de nasjonale kampioenskippen op It Hearrenfean wûn Veenje fan Earnewâld twa kear de 1.000 meter en dat wie genôch om Sebas Diniz en Jeremy Overheul foar te bliuwen.

By de froulju wûn Femke Kok fan Nij Beets alle ôfstânnen. Sy bleau dêrmei Georgie Dalrymple en Robin Groot foar. De junioaren B is foar reedriders fan fyftjin en sechtjin jier.

By de junioaren A waard Niels Visser fan Easterwierrum tredde. Hy einige achter kampioen Daan Baks en nûmer twa Mika van Essen. Helga Drost fan Akkrum einige by de froulju krekt bûten it poadium en waard fjirde. Jutta Leerdam pakte dêr de titel troch alle fjouwer ôfstânnen (twa kear 500 en twa kear 1.000 meter) te winnen. By de junioaren A binne se santjin of achttjin jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)