Drylts fiert no al Kulturele Haadstêd-stik op

16 des 2017 - 18:22

It stik De Frijtinker is sneontemiddei yn de Mauritiustsjerke yn Drylts presintearre. Dit stik is it earste ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêd-projekt 'Under de toer', in searje fan 32 manifestaasjes troch hiel Fryslân hinne. Noch foardat Kulturele Haadstêd takom jier offisjeel úteinset, waard De Frijtinker al spile.

Op 1 jannewaris begjint Kulturele Haadstêd mei in kombinaasje fan muzyk- en lokaasjeteäter wêrby't it publyk op in soarte fan stedskuier troch Drylts yn alle tsjerken, in kroech en op in begraafplak bedarret. Lytse en grutte ferhalen út de skiednis fan de stêd rinne dan ynelkoar oer en dat jildt ek foar de muzyk.

Alde tsjerkemuzyk mingt him hjir mei nijere uterings. Oargelmuzyk giet de striid oan mei elektryske gitaren en de muzyk fan in fanfare liedt ta in opera. De muzyk is fan Sytse Broersma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)