Aryanne Abma wint Fryske foardrachtswedstriid FeRstival

16 des 2017 - 17:36

Aryanne Abma fan Warkum hat de 75e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtswedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makke sy mei har foardracht fan it gedicht 'Dy dei' fan Meintsje Brouwer de measte yndruk op de sjuery. "De emoasje waard goed oerbrocht", sei sjueryfoarsitter Jan Schotanus.

Yn de kategory 'trochsetters', foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Elbrich Stoer fan Dronryp. Sy die dat mei it gedicht 'Do kenst se wol' fan Tsjerk Veenstra. By de 'starters', foar earsteklassers, droech Bjoke Westra fan Jobbegea it moaiste foar, mei it fers 'Sprutsjes' fan Thys Wadman. Der diene yn totaal 28 dielnimmers mei.

Jongerein en Fryske poëzij

FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. Boppedat fûnen de inisjators it wichtich dat learlingen ûnderfûnen hoe't it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy't it letter makke hawwe op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman en Tet Rozendal en Theun Plantinga.

Ek op it ynternet

'Mister FeRstival' Jelle Bangma, al sûnt 1993 ferantwurdlik foar de organisaasje, makke bekend dat FeRstival no ek te finen is op it ynternet.

'Fersier in fers'

Ta gelegenheid fan it 75-jierrich jubileum wie der in ekstra wedstriid útskreaun: 'Fersier in fers', spesjaal foar jongeren dy't it net sitten sjogge op in poadium harren keunsten sjen te litten. By dizze wedstriid moasten se op in kreative wize in gedicht ûnder hannen nimme. It smiet 45 artistike reaksjes op. By de senioaren gong de priis nei Jentsje Fekkens út Koudum. By de junioaren pakte Yalin van der Werf fan it Bogerman de earste priis.

Yn Buro de Vries mear omtinken foar 75 jier FeRstival.

Trefwurden: 
Aryanne Abma Ferstival
(Advertinsje)
(Advertinsje)