ONS Snits yn lêste wedstriid dit jier ûnderút tsjin DVS'33

16 des 2017 - 16:53

De fuotballers fan ONS Snits hawwe sneontemiddei de útwedstriid by DVS'33 ferlern. Yn de lêste wedstriid foar de winterstop gie de ploech fan coach Chris de Wagt mei 2-0 ûnderút yn Ermelo.

De Snitsers krigen yn de iepeningsfaze de earste mooglikheden op in doelpunt. Arton Musliu mocht twa kear oanlizze foar in frije traap, mar beide kearen skeat er oer. Dêrnei wie DVS'33 ticht by in goal, Maurice de Ruiter skeat nei in kertier spyljen krekt njonken. DVS'33 waard sterker, krige mear kânsen en krekt foar it skoft gie ien fan dy kânsen deryn. Kaj Velda sette syn klup op foarsprong.

Reade kaart

Nei de tee gie ONS Snits op syk nei de lykmakker, mar dy kaam der net. De Ruiter makke der nei in kertier yn de twadde helte sels 2-0 fan. ONS Snits besocht noch wat fan de wedstriid te meitsjen en krige kânskes fia Michael Lanting, Fabian Stevens en Curty Gonzales, mar skoare diene se net. Krekt foar it ein fan de wedstriid krige ONS Snits-ynfaller Jelle de Graaf ek noch ris in reade kaart.

DVS'33 - ONS Snits 2-0 (1-0). 42. Kaj Velda 1-0, 60. Maurice de Ruiter 2-0. Reade kaart: 89. Jelle de Graaf (ONS Snits).

Trefwurden: 
ONS Snits DVS'33 fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)