Harkemase Boys 'ferjit' kânsen ôf te meitsjen en ferliest

16 des 2017 - 16:36

Op it sompige haadfjild fan sportpark De Bosk hat Harkemase Boys sneontemiddei de earste helte fan de kompetysje ôfsletten mei in nederlaach tsjin DOVO. De ploech fan trainer Henk Herder krige in soad kânsen tsjin de ploech út Veenendaal, mar wie foaryn net effektyf genôch om te winnen. Op De Harkema waard it 2-1 foar DOVO.

De thúsklup begûn goed oan de wedstriid. Kevin Mennega wie nei acht minuten spyljen ticht by in doelpunt, mar Rodney Ubbergen, âld-keeper fan SC Cambuur, stie yn de wei. Twa minuten letter seach Berwout Beimers dat syn kopbal fan de line helle waard. Skoard waard der net yn de earste helte, wêrtroch't beide ploegen mei in 0-0 stân oan de tee giene.

Kânsen genôch

Krekt nei it skoft krige Harkemase Boys-spits Jan Hooiveld in goede kâns, mar hy skeat krekt njonken. De Harkiten wiene en bleaune de boppelizzende partij. Ynfaller Tom Boezerooy krige in kertier foar tiid in mooglikheid, mar hie it fizier net op skerp. Tsjin de ferhâldings yn kaam DOVO tsien minuten foar tiid op foarsprong. In frije traap fan Roy Bakkenes koe Harkemase Boys-keeper Erick Jansema net tsjinhâlde. Twa minuten letter makke Joshua Patrick der sels 2-0 fan. Beimers makke der yn de lêste minút noch wol 2-1 fan, mar dêr bleau it by.

Harkemase Boys - DOVO 1-2 (0-0). 81. Roy Bakkenes 0-1, 83. Joshua Patrick 0-2, 90. Berwout Beimers 1-2.

Trefwurden: 
Harkemase Boys DOVO fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)