Dennis Licht wint heale maraton Adventurerun op It Amelân

16 des 2017 - 16:08
De Adventurerun - Foto: Omrop Fryslân, Eduard Rekker

Hurdrinner Dennis Licht hat de heale maraton fan de Adventurerun op It Amelân wûn. De 33-jierrige atleet út Beekbergen lei de 21 kilometer ôf yn in tiid fan 1.06.56 en wie dêrmei fierwei de fluchste fan it hurdrinpeloton. Michiel de Ruiter út Schoorl waard twadde mei in tiid fan 1.10.50 en Patrick Stitzinger út Eijsden tredde (1.11.24).

Ald-Boalserter Erik Negerman einige krekt net op it poadium. Hy kaam yn in tiid fan 1.11.30 as fjirde oer de streek.

(advertinsje)
(advertinsje)