Mear minsken kinne troch oare kritearia nei de Voedselbank

© Joris Kalma
Fan 1 jannewaris ôf kinne mear minsken gebrûkmeitsje fan de Voedselbank. Dat komt omdat de kritearia feroarje. De noarm giet omleech en dêrtroch komme mear minsken yn oanmerking foar it opheljen fan in pakket fan de Voedselbank.
Yn Fryslân binne op it stuit sa'n 1.500 húshâldings dy't regelmjittich nei de Voedselbank gean. Troch de feroarjende regels ferwachtet de Stichting Samenwerkende Voedselbanken dat der in taname fan tsien oant fyftsjin persint wêze sil. Neffens wurdfierder Nysius van Rijn is der genôch iten beskikber by de Voedselbanken.