Basisskoalle: "Konsjerzje dakleas troch brân Kollumersweach"

Ien fan de minsken dy't troffen is troch de brân yn Kollumersweach, is de frijwillige konsjerzje fan de basisskoalle yn it doarp. Dat meldt de basisskoalle. De man wenne mei syn frou yn de pleats dy't sneontemoarn yn flammen opgong. De skoalle wol moandei in aksje hâlde om jild yn te sammeljen sadat de konsjerzje gau wer klean en oar guod keapje kin.
De brân betsjut ek dat it sjongen dat sneintemiddei yn de pleats wêze soe, ferpleatst is nei de tsjerke fan Kollumersweach. In mannekoar út Haulerwyk treedt op. Normaalwei soe der nei ôfrin bôle-iten west ha, mar dat giet no net troch.