UNIS Flyers nei reglemintêre oerwinning troch yn beker

16 des 2017 - 15:09
UNIS Flyers - Foto: Martin de Jong

Sûnder yn aksje te kommen hawwe de iishockeyers fan UNIS Flyers de heale finales fan it bekertoernoai berikt. De wedstriid tusken de iishockeyklup út It Hearrenfean en AHOUD Devils, dy't ferline wike útsteld waard fanwegen it minne waar, wurdt net ynhelle.

De iennige mooglikheid om dizze wedstriid yn te heljen wie kommende tiisdei, mar it slagget de klup út Nijmegen net om op sa'n koarte termyn it folsleine team by mekoar te krijen.

UNIS Flyers hat de wedstriid no reglemintêr mei 5-0 wûn en stiet dêrtroch no yn de heale finale. Tsjinstanner is dan Eindhoven Kemphanen. Op sneon 30 desimber wurdt de earste heale finale spile.

(Advertinsje)
(Advertinsje)