"Skiermûntseach enerzjyneutraal meitsje is in hiele toer"

16 des 2017 - 14:57

It is noch mar de fraach oft Skiermûntseach de ambysje wiermeitsje kin om yn 2020 enerzjyneutraal te wêzen. Dat seit Thom Verheul fan de eilanner enerzjykoöperaasje De Sintrale. De gewoane ynwenners wolle wol, seit er, mar gruttere partijen sa as it Wetterskip, Woon Friesland, en de hotels op it eilân ha noch net tasein dat se meiwurkje wolle.

Earder dizze wike koene minsken yntekenje foar 200 sinnepanielen op it dak fan in buorkerij. De belangstelling fan eilanners wie sa grut, dat der net genôch sinnepanielen wienen. Der is op Skiermûntseach gjin romte foar in grut sinnepark, lykas op It Amelân. Dêrom wol de enerzjykoöperaasje sinnepanielen op de dakken fan buorkerijen oanlizze.

Alle waadeilannen ha de ambysje om yn 2020 enerzjyneutraal te wêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)