Fjoerwurkles foar bern

In grutte fjoerwurkferkeaper yn Ljouwert jout sneon de hiele middei 'fjoerwurkles' oan bern, sadat dy feilich de festiviteiten mei âld en trochkomme. De bern krije in rûnlieding yn de opslachbunkers en leare oer ferskate soarten fjoerwurk. Dêrneist wurdt ferteld wat se wol en net dwaan moatte mei fjoerwurk en hoe'tst it ferskil tusken legaal en yllegaal fjoerwurk sjen kinst. Fierders krije de bern in fjoerwurkbril en in lont.