Tal ynskriuwings Fytsalvestêdetocht boppe ferwachting

16 des 2017 - 12:21
In eardere edysje fan de fysalvestêdetocht, - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Hast 30.000 minsken hawwe harren ynskreaun foar de Fytsalvestêdetocht fan takom jier. Dat is mear as de ferwachting wie, seit Stephan Rekker fan de organisaasje. Der is mar plak foar de helte fan it tal ynskriuwers. Kommende tiisdei wurdt mei in lotting útmakke wa't meidwaan meie.

De organisaasje meldt dat de werynrjochtingswurksumheden op de Merk yn Dokkum en by it Broereplein yn Boalsert problemen opsmite kinne. Beide pleinen binne belangryk foar de logistyk fan de tocht. Se wurde oanpakt yn it ramt fan in Kulturele Haadstêd-projekt mei fonteinen yn de alve Fryske stêden. As alles neffens plan ferrint, is it wurk dien foardat de Fytsalvestêdetocht begjint.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht
(advertinsje)
(advertinsje)