Berkhuysen: Hegere seespegel foarmet bedriging foar Waad

16 des 2017 - 12:12

It Waad kin nei gychem gean troch de wize wêrop't wy yn de takomst omgean mei de seespegelferheging. Dy warskôgjende wurden spruts Arjan Berkhuysen freedtejûn út by syn ôfskie as direkteur fan de Waadferiening. Hy sjocht it op in goede wize ynspyljen op de hegere seespegel as ien fan de grutste útdagings foar syn opfolger. De kâns is grut dat mei diken en dammen besocht wurde sil de see te kearen as dy troch klimaatferoarings heger komt as no. Mar dêr moatte jo mei oppasse, fynt Berkhuysen. Want de dynamyk fan it Waad moat net fierder ûnder druk komme te stean.

Berkhuysen hat in nije baan by de World Fish Migration Foundation. Hy hâldt him dan dwaande mei de migraasje fan fisken oer de hiele wrâld.

(advertinsje)
(advertinsje)