Orchideeën krije wer in kâns mei oanpassing dúngebiet

16 des 2017 - 11:51
Foto: Jan Willem Zwart, Natuurmonumenten

Op Skiermûntseach wurdt in grutte yngreep dien yn it dúngebiet. It giet om fjouwer bunder oan de Reddingsweg tichtby it doarp. Beammen wurde omseage en der wurdt in laach grûn fuorthelle. Natuerbehearder Natuermonuminten wol sa foarkomme dat it lânskip te rûch wurdt.

De dunen en de dúnpannen hearre in kalkrike, net te fruchtbere grûn te hawwen. Troch de delslach fan stikstof wurdt de grûn te fruchtber en wurdt it eilân rûger. Der sit mear stikstof yn de lucht troch yndustry en yntinsive feehâlderij. Mei de dúnôfgraving krije plantesoarten lykas orchideeën wer in kâns. Ek soe de fûgel de heidehipper dêrmei holpen wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)