Hawwe brannen yn Kollumersweach wat mei-inoar te krijen?

16 des 2017 - 11:23

De brân dy't sneontemoarn in opfangpleats yn Kollumersweach folslein yn de jisken lein hat, is net de earste dy't fannacht útbruts yn dat doarp. Krapoan oardel oere earder fleach in eintsje fierderop in camper yn de brân. De plysje ûndersiket oft de twa saken wat mei-inoar te krijen hawwe. It kin noch wol even duorje foardat dêr dúdlikens oer is, seit in plysjewurdfierder. Op dit stuit is in noch net mooglik de pleats yn Kollumersweach yn te gean. De brânwacht is dêr noch wol in skoft oan de gong mei neiblussen.

Trefwurden: 
brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)