Glêdens: fytsers ûnderút en auto's fan de dyk

16 des 2017 - 11:12

De glêdens hat soarge foar in soad gruttere en lytsere ûngelokken yn de provinsje. Yn Ljouwert wie de brêge by de Piet Stuyvesantwei sa glêd dat tsientallen fytsers en scooters ûnderút giene. Ien frou kaam sa slim te fallen, dat foar har in ambulânse komme moast.

Auto's hiene ek lêst fan de glêdens. Guon auto's rekken dêrtroch fan de dyk. Op de A31 by Frjentsjer in auto fan it talúd gliden. Op it carpool-plak dêr flakby rekke in auto yn de sleat. Yn beide gefallen wiene de bestjoerders net ferwûne. Op de Wommelserwei by Tsjom bedarre in auto yn 'e sleat. De bestjoerder hie allinnich in wiet pak.

Trefwurden: 
glêdens
(Advertinsje)
(Advertinsje)