Ferkeap algemiene kaarten Slachtemaraton úteinset

16 des 2017 - 10:36

De algemiene kaartferkeap foar de Slachte is sneontemoarn betiid úteinset. Takom jier is in spesjale edysje, want dan is it Kulturele Haadstêdjier 2018. De Slachtemaraton is altyd alle fjouwer jierren. It jier 2018 is in tuskenjier, want de earstkommende reguliere soe yn 2020 wêze. De doarpen woene wol meidwaan, mar dan 'oars as oars'. Takom jier kinne dielnimmers ek ien dei meirinne yn plak fan standert twa dagen. En der is in mooglikheid om in oernachting by te boeken. Ferline wike koene de Freonen fan de Slachtemaraton al kaarten bestelle, no kin eltsenien dat dwaan. En der binne bêst noch wol wat kaarten beskikber, seit Anne Jochum de Vries fan de Slachtemaraton.

Trefwurden: 
Slachte Slachtemaraton
(advertinsje)
(advertinsje)