Kollum: De tragyk fan de reinmjitters

Wy hawwe in reinmjitter yn de tún. Dat sille grif in soad fan jimme ek hawwe. Sa'n ding fan in pear euro dêr't nei ferrin fan tiid griene oanslach ûnder op de boaiem efterbliuwt as je him leegje. Dizze hjerst hat der safolle wetter yn sitten dat er hast skjin reinde. Neffens my hat it sûnt de sûndfloed net sa wiet west as dat it op 't heden is. As ik myn bus achter hûs delset, glier ik der troch twa spoaren hinne en dat haw ik hjir noch net faker meimakke. Ien grutte drekbinde. Op in gegeven momint haw ik sels de moed ferlern om de mjitter te leegjen, want in dei letter siet er wer fol en dan kinne je oan de gong bliuwe. Sjoch, en dêr sit dus it gefaar. Want it kin noch sa wiet wêze en de winter fier fuort, der komt in nacht dat it al friest. En dy nacht is ien fan de earste dingen dy't stikken friest...krekt: de reinmjitter. Ik bin benijd by hoefolle fan jimme dat ek faak bard is. Mail dat mar even nei de Omrop, want ik wol graach befêstige hawwe dat ik net de iennichste kloat bin dy't hast alle jierren in nije mjitter op 'e jierdei freegje moat, omdat ik de oare wer ris in dei te let út de tún helle hie.
Ik haw se net teld, mar ik bin der wol hast wis fan dat de frou en bern sawat om it jier in nije reinmjitter foar my helle hawwe. Mar dit jier soe it oars. Ik wie fan doel om op 'e tiid de boel op te rêden. Dus alle dagen skerp bliuwe en goed nei it waarberjocht sjen oft der al froast foarsein waard. Mar al wat der kaam, gjin froast. Wol wetter. Bakken fol.
Eins hawwe wy twa reinmjitters. Ien âlderwetske, dêr haw ik jim krekt oer ferteld, mar we hawwe ek in oarenien. Op de kuolkast stiet in saneamd waarstasjon. Kinne je sjen hoefolle oft it waait, wêr't de wyn weikomt, hoe heech oft de luchtdruk is en sa. Mar der sit ek in funksje 'rein mjitten' by. Bûtendoar steane twa apparaten yn ferbining mei dat waarstasjon. It iene docht it mjitten fan de temperatuer en alle oare wearden dy't ik opneamde. En dan is der dy oare. Dy hoecht inkeld de rein te mjitten. Mei in wipwapsysteem. Hiel hip en modern. Der moatte in pear batterijen yn en dan is it klear en mjit er hiel sekuer wat der oan delslach falt en slacht it ek noch op sadat je yn de keuken mistreastich sjen kinne dat it de hiele wike al pestwaar west hat. Ien foardiel: Dat ferhipt er dus. Nei in wike wie er al stikken. Der krûpten spinnen yn en dy blokkearren it wipwapding. Dus binne wy wat reinmjitten oangiet wer oergien op de âlderwetske wize.
Doe't ik de lêste blêden opromme en it terras skjinmakke, foel de mjitter op de grûn. Der bruts in stik fan de râne ôf. In dei as wat letter krigen we hurde wyn. De klimroas fong safolle wyn dat de balken knapten. Op it heechste punt hie ik it apparaat montearre dat yn ferbining stiet mei myn waarstasjon. Oan moster.
Dus mei alle goede bedoelings is der no allinnich noch in stikkene reinmjitter oer en in waarstasjon dat wanhopich ferbining siket mei syn apparaten, mar se net fine sil.
Ik wit yn elts gefal wat ik op 'e jierdei freegje.